staten en stinzen FRL

Kastielen, bûtens, bûtenpleatsen, … Wij prate yn Fryslân foar it gemak oer staten en stinzen.

Op de hûnderten terpen fan midsiuwsk Fryslân stie gauris in stins: in bewenbere stiennen toer mei tige groue muorren, ter ferdigening fan de terpbewenners yn tiden van wapene striid. Fan dizze stienhuzen is ien oer (de Schierstins) en hjir en dêr binne oerbliuwsels te finen. Fan de earste stiennen huzen yn 'e stêd (stêdsstinzen) binne der mear, sterk wizige yn 'e rin fan 'e tiid.

In protte stinzen binne ôfbrutsen, mar guon hawwe harren krekt fierder ûntwikkele: de bewenner (de ‘haadling’) breide syn wenstee út ta in kompleks wêr't de namme ‘state’ foar brûkt waard. Ek hjirfoar jildt dat de measte der net mear binne. Fan nammenste mear belang achtsje wy de noch besteande. Ek har lettere opfolgers, bûtens, bûtenpleatsen steane by ús yn it skynljocht. Sjoch dêrfoar de boppe steande kaart en hjironder de ynventaris. Dizze webside giet neier yn op sa'n sechtich gebouen en neamt ûnder mear at se tagonkelik binne.

Net ferjitte yn te zoomen op 'e kaart: efter ien poartsje kinne mear staten beskûlgean, dy't by ynzoomen sichtber wurde.

Net tagonklik foar it publyk

Boschoord

Filla foar simmer- en winterferbliuw út 1871, mei grutte en moaie tún. Lúksueuze B&B
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Camstrastins

Pleats mei oerbliuwsels fan in state en in noch âldere stins, benammen kelders (sawat 1400)
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Dekema State

Fan oarsprong 15e-iuske state mei museale ynrjochting en tige moaie túnen. Iepen foar besikers.
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Epemastate

Monumintale 17e-iuwske state mei 19e-ieus úterlik; grut 17e-ieus poartegebou. Kulinêre eveneminten, trouwe. Yn 'e state kinne gearkomsten en feesten plakfine. De 'poortwachterssuite' is een B&B.
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Grovestins

Wenhûs, bekend as doktershûs, ferlytst oerbliuwsel fan in 17e-iuwske state op grûn fan âldere stins.
Mear ynformaasje
Foto PN

Net tagonklik foar it publyk

Harinxmastate

19e-iuwsk neoklassisistisk lânhûs, weropboud hûs út Drachten, mei park omhinne. Partikulier wenhûs.
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Harstastate

State mei grutte tún en bijgebouwen, fan foar 1511. Yn'e 18e iuw in grut adellik hûs. B&B yn de pleats
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Hemmemastate

Ta wenhûs omfoarme poarte fan tige âlde bûtendykse state. Lêste oerbliuwsel, tegearre mei op 'e nij oanlein Hemmemapark.
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Heringastate (Poptaslot)

Fan oarsprong 15e-iuwske state, sûnt 1712 beheard yn de doetiidske steat. 17e-iuwske poarte. Mei tún en grêft omhinne. Iepen foar besikers.
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Keimpemastins

Restaureard wenhûs, it âldste fan Ljouwert: stins út begjin 14e iuw, lange tiid tsjinjend as pastorije
Mear ynformaasje
Foto Peter Nieuwenhuijsen

Tagonklik foar it publyk

Lauswolt

19e-iuwske bûtenpleats, sterk útbreide fanwege hotelfunksje; park waard golfbaan.
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Liauckamastate

Poarte (1604) fan de al lang lyn ôfbrutsen swide, tige âlde state, bekend fan de ‘Pipenpoyse brulloft’. Grêft en beamwal noch oanwêzich.
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Lycklamahûs

19e-iuwsk hûs mei dernjonken it oarspronkelike koetshûs. Derefter en derfoar (oertún) in protte grien. Hjoed de dei part fan it gemeentehûs.
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Lyndenstein

19e-iuwsk lânhÛs mei iepenbiere oertún (Roodbaard). Begjin 20e iuw yngenieus ferhege. Revalidaasjesintrum.
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Martenastate

Lânskipspark, tagonkelik voor publyk, mei stinzenflora; hearde ta 15e-iuwse state; no gebou út 1899.
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Oenemastate

Fan oarsprong 16e-iuwske state, mei 19e-iuwske neo-renaissance gevel. Beskildere plafond (17e iuw). Hotel en Grandcafé.
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Oostenburg

Fan oarsprong 18e-iuwsk bûtenpleats, yn 1837 ôfbrutsen en doe ek min ofte mear op 'e nij boud. Kollumer Museum 'Mr Andreae'
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Oranjewoud

Grutte 19e-iuwske neo-klassisistyske bûtenpleats op fundament fan earder paleis. Park en iepenbiere oertún. Konferinsjesintrum esfh.
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Rijsbergen

18e-iuwsk lânhûs fan de eardere eigener fan it eilân. Tsjintwurdich in kleaster.
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Riniastate

Prachtich lizzend 19e-iuwsk neo-klassisistysk lânhûs mei grutte tún. Partikulier bewenne
Mear ynformaasje
Marieke Balk

Net tagonklik foar it publyk

Roptastate

19e-iuwske fuortsetting fan âlde state, mei op 'e nij oanleine lânsipstún (Roodbaard)
Mear ynformaasje
Foto Angelika Bilker

Net tagonklik foar it publyk

Schatzenburg

18e-iuwsk lânhûs mei Lodewijk XIV-eleminten yn it ynterieur. Deromhinne in moai restaureard park, iepen op Iepen Monumintendei.
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Schierstins

Unike toernstins (ca. 1300), yn 'e rin fan 'e tiid útbreide. Kultureel sintrum mei permaninte tentoanstelling. Nammejouwer fan de stinzenflora.
Mear ynformaasje

Net tagonklik foar it publyk

Sjuxmastate

Prachtige 17e-iuwske, restaurearde poarte fan ôfbrutsen state mei ‘gibbengaten’ oan de binnenside.
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Stadhouderlijk hof

Fan 1587 oant 1747 residinsje fan de steedhâlders, yn 1709 ferboud ta ien kompleks en yn 1880 noch in kear feroare. Binnendoar falt fral de Nassauseal op.
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Staniastate

19e-iuwsk lânhûs, fuortsetting fan 16e-iuwske state. Grut park (Roodbaard). Brasserie, B&B.
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Uniastate

Moaie poarte út 1616 en rekonstruksje yn stiel (‘loftspegeling’) fan de state, dy't yn 1756 ôfbrutsen is.
Mear ynformaasje

Tagonklik foar it publyk

Vijversburg

19e-iuwsk neo-klassisistysk lânhûs mei grut park en troch keunstners ynfuld terrein. Iepen foar besikers.
Mear ynformaasje

Voormeer

18e-iuwsk lânhûs mei tún. Prachtich ynterieur. Partikulier bewenne, inkelde kearen yn it jier konserten
Mear ynformaasje
Oorspronkelijke voorzijde Waltastins, achter nieuwe muur aan straatkant

Net tagonklik foar it publyk

Waltastins

Stêdsstins út 1540; letter part fan it stêdhûs. By resinte restauraasje werkenber makke.
Mear ynformaasje